Ensafh organisearret Grutte Gedichtejûn

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
16 desimber 2021
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It barren sil ditkear wer op lokaasje plakhawwe, nammentlik op 4 febrewaris 2022 om 19.30 oere yn ’e IJsherberg yn Dokkum. De redaksje ropt alle alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om harren op te jaan om op dy jûn in gedicht foar te lêzen.

Wat it fers oanbelanget makket it net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze. Opjaan moat wol en kin fia it e-mailadres: ensafhpoezij@gmail.com.

Fansels is der lykas wenst muzyk by. Onno en Henderikus sille tusken de foardrachten troch spylje. Ek moatte de organisaasje, dichters en publyk de dan jildende koroanamaatregels yn acht nimme.

Ensafh is it iennichste literêre tydskrift dat folslein Frysktalich is. Der komt seis kear yn it jier in papieren nûmer út fol mei proaza, poëzy, skôgings, yllustraasjes ensfh. Om ’e trije dagen komt der in nije publikaasje op ynternet. In pear kear yn it jier organisearret de redaksje in literêr barren, lykas de Grutte Gedichtejûn. Sjoch ek www.ensafh.nl.