Fakânsje-lêstaskes foar alle groep-6-bern yn NE-Fryslân
Yn de fakânsje-lêstaskes sit it boek ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’ (skreaun troch Koos Meinderts en oerset troch Eppie Dam). Der sit ek in boekelizzer en in stikkerfel fan ‘Praat mar Frysk’ by, oanbean troch de Afûk. Mei de lêstas wol de gemeente Noardeast-Fryslân de bern stimulearje om dizze simmer te lêzen yn harren memmetaal.
De earste tassen binne útdield
Ofrûne tongersdei 26 juny hat wethâlder Hanneke Jouta de earste taskes útdield oan groep 6 fan basisskoalle Aasterage yn Marrum. Yn totaal wurde der de kommende dagen 500 boeken útdield oan de skoalbern!
Wethâlder Jouta: “It is belangryk dat bern net allinich yn harren memmetaal prate, mar ek lêze en skriuwe. En boppedat is in boek lêze ek ûntspanning en dat past moai by de simmerfakânsje!”.