Fakatuere by de Afûk!
De Fryske taal in folweardich plak jaan yn ús mienskip; dat dogge wy û.o. mei in boekwinkel en in útjouwerij, troch Fryske kursussen te jaan en materiaal te meitsjen foar pjutteplakken en skoallen en troch kampanjes te ûntwikkeljen om de Fryske taal en literatuer te promoatsjen.
Wy sykje in: MEIWURKER FINANSJELE ADMINISTRAASJE
foar 24-28 oeren wyks
Wat dochst?
• Ferwurkest ynkommende en útgeande faktueren;
• Hâldst it oersjoch oer betellingen en boekingen;
• Kontrolearrest sub-administraasjes, lykas debiteuren en krediteuren;
• Fersoargest de BTW-oanjeften, makkest rapportaazjes en stelst oersichten foar de jierrekken op;
• Bist in fêst oansprekpunt foar kollega’s by finansjele fragen;
• Wurkest tegearre mei in kollega (foar de personiele administraasje en it foarriedbehear) en de eksterne controller.
Wat nimst mei?
• MBU-nivo en ûnderfining mei boekhâlding en/of finansjele administraasje;
• Handich mei software (lykas Exact);
• In goeie mûnlinge en (leafst ek) skriftlike behearsking fan it Frysk;
• In krekte wurkwize, selsstannigens én in gearwurkjende hâlding.
Wat biede wy dy?
• In strukturele baan mei earst in kontrakt foar in jier, mei útsjoch op ferlinging;
• In salaris neffens skaal 5 fan de CAO Sosjaal Wurk, ôfhinklik fan dyn ûnderfining;
• Romte foar learen en meitinke yn in wurkomjouwing mei mear as 35 entûsjaste kollega’s;
• En foaral: ûnderdiel wêze fan in organisaasje dy’t it ferskil makket foar de Fryske taal en kultuer.
Hasto in leafde foar sifers en fynst it moai om mei kollega’s te wurkjen oan in betroubere administraasje? Dan hearre wy graach fan dy!
Mear ynformaasje en sollisitearje:
Foar mear ynformaasje oer de fakatuere kinst yn de wike fan 28 april 2025 kontakt opnimme mei Alex de Jager, direkteur-bestjoerder fan de Afûk fia: alex.dejager@afuk.frl of 06-51019964.
Stjoer dyn sollisitaasje mei dyn cv foar 5 maaie 2025 nei Ciska Noordmans: ciska.noordmans@afuk.frl.
De sollisitaasjepetearen sille plakfine op tongersdei 15 maaie 2025.