Twa fakatueres by de Afûk foar Taalpromoasje

Oer it Frysk Op it wurk
16 desimber 2024
*Sollisitearje is net mear mooglik!* De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal yn alle geledingen fan ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. In sterke ferbining mei it bedriuwslibben, de soarchsektor en oare sosjaal-maatskiplike en kulturele organisaasjes fine wy dêrby essinsjeel. Wy sykje foar ús Team Taalpromoasje in Projektmeiwurker en in Relaasjebehearder/Projektkoördinator.

Mei ús taalpromoasje-aktiviteiten wolle wy minsken, bedriuwen en organisaasjes bewust meitsje fan har eigen taal en identiteit en harren stimulearje om it Frysk aktyf te brûken en (mear) sichtber te meitsjen. Foar dy aktiviteiten sykje wy op koarte termyn twa nije kollega’s.

PROJEKTMEIWURKER TAALPROMOASJE
foar 20 oant 24 oeren wyks

As projektmeiwurker wurkest mei oan de projekten dy’t troch it team Taalpromoasje útfierd wurde. Do leist kontakten, makkest ôfspraken en soargest foar it regelwurk om aktiviteiten hinne. Dêrneist skriuwst notulen, ferwurkest bestellingen en soargest foar it ynpakken en ferstjoeren fan materialen. Ek it útsetten fan mailingen en it mei behearen fan de projektwebsites en social media kanalen hearre by dyn taken.

Lês hjir fierder foar mear ynformaasje oer dizze funksje en de sollisitaasjeproseduere.

 

RELAASJEBEHEARDER/PROJEKTKOÖRDINATOR TAALPROMOASJE
foar 28 oeren wyks

As relaasjebehearder ûnderhâldsto de besteande kontakten en giesto aktyf op syk nei nije relaasjes en kontakten út boppeneamde sektoaren. Do hast in sintrale rol yn it team Taalpromoasje en betinkst, op basis fan it ferlet fan bedriuwen en organisaasjes, mei dyn kollega’s plannen en strategyen en leist ferbiningen tusken de ferskillende projekten, produkten en aktiviteiten fan de Afûk en tusken de ferskillende partners.

Lês hjir fierder foar mear ynformaasje oer dizze funksje en de sollisitaasjeproseduere.


Twa ôfwikseljende banen mei in soad selsstannichheid yn in kreatyf en entûsjast team.

Wolsto mei ús minsken entûsjast meitsje foar it Frysk? Dan hearre wy graach fan dy!
Stjoer dyn sollisitaasje mei dyn cv foar 3 jannewaris 2025.