Provinsjale fakseksje Frysk ropt Grutte Fryske Wurkstikpriis yn it libben
Dat wurkstik mei letterlik alles wêze, fan praktyske opdracht oant profylwurkstik, fan in opdracht yn in les oant de ôfstudearopdracht. De provinsjale fakseksje Frysk VLLT (Vereniging Leraren Levende Talen) hat de priis yn it libben roppen om learlingen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it beropsûnderwiis en it heger ûnderwiis te stimulearjen om mei it Frysk en Fryslân oan de slach te gean.
De wurkstikpriis moet stimulearje dat learlingen en studinten har ferdjipje yn allerhande nijsgjirrige Fryske ûnderwerpen. Sa wurde se hooplik nijsgjirrich nei it skoalfak Frysk.
De priis wurdt alle jierren op ‘e nij útjûn oan de bêste wurkstikken dy’t troch in profesjonele sjuery beoardiele wurde sille. Meidwaan kin yn twa kategoryen: fuortset ûnderwiis (VMBO,HAVO en VWO) en berops- en heger ûnderwiis (MBO, HBO en WO). De wurkstikken moatte foar 30 maaie 2022 ynstjoerd wêze troch de dosint nei babs.gezelle.meerburg@nhlstenden.nl.
Download hjir de flyer mei mear ynformaasje oer de Grutte Fryske Wurkstikpriis.