Fan hjoed ôf yn de boekhannel: Karlsson fan it dak

Boeken fan Fryslan Frije tiid
22 oktober 2019
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn ‘e buert is, hoechst dy noait te ferfelen!

‘Karlsson fan it dak’ is ien fan de mear as 20 boeken dy’t Astrid Lindgren in har libben skreaun hat. Ek yn de Fryske oersetting fan Martsje de Jong binne de aventoeren fan Karlsson en Erik om te smullen! Keapje it boek yn de boekhannel of bestel ‘m yn ús websjop.

Ek as teaterfoarstelling
Fan 14 oant en mei 30 desimber kinst de aventoeren fan ‘Karlsson’ ek yn it teater belibje. Tryater makke(t) der yn in koproduksje mei stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert in prachtige famyljefoarstelling fan (8+). Stap yn de magyske wrâld fan Karlsson fan it dak, it ferhaal oer de ûngewoane, dwerse en grappige freon dy’t dy op ’e nij sjen en ûntdekken leart en it aventoer yn dy losmakket.