‘Fear yn ’e broek’ foar trije skoallen op It Hearrenfean
De bern iepenen in spesjale berneboekewike-etalaazje en skriuwer Geart Tigchelaar lange de skoallen in oarkonde en in pakket Fryske boeken oer. Dy boeken mochten de skoallen sels útsykje.
It doel fan it inisjatyf is om mear omtinken foar Frysk ûnderwiis te freegjen. Okkerdeis is út Europa wei it Nederlânske regear nochris mei klam oproppen om mear oeren Frysk op skoalle te jaan. Dit jier is it fjirtich jier lyn dat it Frysk op skoalle in ferplichte fak waard. Hast trijekwart fan de skoallen docht dêr lykwols noch hieltyd te min oan. Boargeraksjegroep Sis Tsiis ûntlient dêr syn bestean oan. Op 1 desimber 2018 is krekt sa’n aksje yn Ljouwert holden en it doel is om oare kearnen dêr’t it Frysk it dreech hat, mei te tiid ek oan bar komme te litten.
Tagelyk mei de aksje waard troch de aksjefierders ek in enkête ôfnommen oer it Frysk op skoalle. Dy enkête kin https://sistsiis.frl ek ynfollle wurde. Foar mear nijs fan de Ried fan de Fryske Beweging sjochst op www.itnijs.frl.