Feestlike ynstallaasje nije Dichter fan Fryslân
Nei it ôfskie fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân 2017-2019 en it foarlêzen fan it sjueryferslach, sil deputearre Sietske Poepjes de nije Dichter fan Fryslân offisjeel beneame.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. De advyskommisje bestiet dit jier út Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga.