Femke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025
Der dienen likernôch 50 learlingen fan 24 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Sjongeres en skriuwer Janneke Brakels skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Lyts Fryske Diktee 2025 (Marieke Balk)
Brakels hie in dikteetekst makke oer in learling dy’t troch de rein nei skoalle fytse moast. De dreechste wurden wiene dit jier dan ek ‘ierdrykskundetoets’, ‘moatst’ (mei -tst-) en ‘rûte’, dat faak skreaun waard as roete/route.
Mear ynformaasje oer it Lyts Frysk Diktee kinne jo fine op de website fan it diktee. Dêr kinne jo ek ynformaasje fine oer it Grut Frysk Diktee foar folwoeksenen, dat op tiisdei 8 april holden wurdt.
Wa’t meidwaan wol oan dat diktee moat him dêrfoar kwalifisearje troch it kwalifikaasjediktee te dwaan op dizze webside. Fan de bêste ynstjoerders krije 20 in plakje yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.