©Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen

Gearwurking Afûk, UNESCO en Wikitongues

Oer it Frysk
28 jannewaris 2019
Mei it each op it ferdwinen fan hieltyd mear lytse talen, hawwe de Feriene Naasjes 2019 útroppen ta The International Year of Indiginous Languages, it ynternasjonale jier fan de memmetalen (#IYIL2019). Hjoed, 28 jannewaris, fynt yn Parys de offisjele start plak fan de #IYIL2019 kampanje. It hiele jier troch sil omtinken frege wurde foar lytse talen.

It ynternasjonale jier foar memmetalen is in gearwurking tusken mear as 30 organisaasjes fan oer de hiele wrâld, wêrûnder de Afûk. De Afûk is hjirfoar frege nei oanlieding fan de aktiviteiten op it mêd fan lytse talen binnen Ljouwert Kulturele Haadstêd. Mei dizze gearwurking wurdt wrâldwiid omtinken frege foar lytse en bedrige memmetalen. Dêrneist wurdt kennis útwiksele oer taalpromoasje om by in ynternasjonaal publyk bewustwurding te kreëarjen foar it belang fan it behâld fan talen dy’t ûnder druk stean.

De #IYIL2019 kampanje moat helpe by it promoatsjen en beskermjen fan bedrige memmetalen en sil bydrage oan it berikken fan de doelstellings fan de Feriene Naasjes.

Sjoch ek: https://en.iyil2019.org.