Ferskynd by de Afûk: Leeuwarden gezien door W.H. Kuipers

Boeken fan Fryslan Frije tiid
26 novimber 2019
Wiebren Hendrik Kuipers (1918-1988) wie yn de jierren fyftich fan de foarige iuw de earst betelle foarljochtingsamtner fan de gemeente Ljouwert. Syn funksje brocht mei dat W. H. Kuipers foto’s makke fan de stêd Ljouwert. Yn de rin fan de jierren hat hy de stêd fêstlein op tûzenen foto’s.

De foto’s jouwe in prachtich byld fan de stadichoan feroarjende omjouwing yn de jierren fyftich, sechtich en santich. Op it stuit is de fotokolleksje te bewûnderjen yn it HCL. De Afûk makke fan de histoaryske foto’s in fotoboek, dat no yn de winkel leit.

Op de hûndertste bertedei fan syn heit, 16 augustus 2018, lange soan Herry Kuipers de ûngefear twatûzen negativen offisjeel oer oan it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL). De kolleksje is in moaie oanfolling op de eardere samling fan W.H. Kuipers âld-kollega’s Bas den Oudsten, Dick van der Heijde, Fenno Schoustra, Sjoerd Andringa, Piter Doele en Paul Janssen, dy’t it ôfrûne jier oan it HCL skonken binne.

De fototentoanstelling yn it HCL is noch oant jannewaris 2020 te sjen en it boek leit fan hjoed ôf yn ’e boekwinkel.