Omslach bûsboekje 2021

Foar de leafhawwers: it nije bûsboekje leit yn de winkel!

Frije tiid
21 augustus 2020
It nije Fryske bûsboekje (2021), dé Fryske aginda, leit yn 'e winkel! Dit jier is it tema: 'it is mar in spultsje'. Njonken fansels romte foar al dyn ôfspraken en oantekenings, fynst yn dizze nije edysje temasiden mei en oer spultsjes, ferskes, sechjes en riedsels. Ek de skoalfakânsjes 2021-2022 en de Fryske gemeenten en plaknammen binne der yn opnommen.

Fynst it bûsboekje fansels by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert of keapest it yn ús websjop. Leuk foar dysels mar ek as kadootsje. Mear ynformaasje oer it bûsboekje fynst hjir.

Ien twa trije, de boer soe my krije
Doe sprong ik oer de hikke, doe koe er my net berikke
Doe sprong ik yn it hea, doe wie ik heal dea
Doe sprong ik yn it wetter, doe wie ik wer better!