Foarlêslunsj-ferhaal ek yn it Frysk én it Biltsk foarlêzen
De Nationale Voorleeslunch lit sjen dat foarlêzen, ek foar âlderein, in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. It foarlêzen fan in ferhaal jout ûntspanning en is faak in oanlieding om mei-inoar te praten of oantinkens op te heljen. De Voorleeslunch wurdt organisearre troch de Culturele Apotheek, yn gearwurking mei it Ouderenfonds, biblioteken en fersoargingshuzen. Sûnt 2016 wurde de ferhalen fan de Voorleeslunch ek oanbean yn it Frysk, yn gearwurking mei de Afûk. Mear witte oer de Nationale Voorleeslunch? Sjoch op nationalevoorleeslunch.nl.
De Fryske oersetting fan it ferhaal kinst fergees opfreegje fia in mailtsje nei: friesindezorg@afuk.frl. Want foarlêze kin fansels ek op alle oare dagen fan it jier!
Wurkest yn de soarch? Sjoch dan ek ris op friesindezorg.frl, dêr fynst bygelyks ek de foarlêslunsjferhalen fan oare jierren: klik yn de menubalke boppe yn op de knop ‘fertel ris’ en kies dêrnei yn de linkerkolom ûnder ‘zo kunt u meteen aan de slag’ foar ‘activiteiten’.