Folle lok en seine! Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar jannewaris
Boeken fan Fryslan
Frije tiid
1 jannewaris 2026
In nij jier, in nije moanne, wy traapje ôf mei in fijne nije BoekeTIP10! In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek foar jannewaris ha wy wer mei in moaie seleksje makke!
Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús boeketip 10 steane of kom ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert. Yn de Afûkwinkel en -websjop fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken en kado-artikels yn en oer it Frysk en Fryslân, foar alle leeftiden.
Op ’e hichte bliuwe fan nije útjeften en oar Afûk nijs? Abonearje dy dan op ús moanlikse nijsbrief.