Fryske boekekasten pleatst by Firda yn Snits en Drachten

Leare & ûnderwiis
8 july 2024
Ofrûne wike binne op twa lokaasjes fan Firda boekekasten pleatst fol mei Fryske boeken en materialen. De ynhâld fan de kasten is ôfstimd op de opliedingen, de studinten kinne it materiaal brûke by de oplieding en de beropspraktyk.

Op de lokaasje Snits is de boekekast yn ûntfangst naam troch dosint en ambassadeur Frysk, Igle van der Meulen. Op lokaasje Firda Drachten is mei de studinten fan de oplieding Underwiisassistint/Pedagogysk Meiwurker de kast folle mei de Fryske materialen.

Freerk Steendam: “De boekekasten binne in moaie útwurking fan de ferskate ynstellingen en opliedingen en litte sjen dat it oparbeidzjen mei ferskate partijen liede kin ta kânsen foar it Frysk, wêrby’t it passend is yn de beropskontekst fan de studinten”.

De boekekasten binne betocht en makke troch in studint fan de oplieding Creatief Vakman yn gearwurking mei en ûnder begelieding fan ynterieurûntwerper Sibe Jan Kramer. It boekekaste-projekt wurdt realisearre troch Wy binne mbû, in gearwurkingsferbân tusken Aeres, Firda en Afûk. Mei-inoar hawwe wy as doel om de posysje fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis te fersterkjen.

Op de foto: studinten mei: Renate Nouta, Rian Boonstra, Freerk Steendam en Karin Boonstra, ambassadeur Frysk by Firda Drachten.