Frysk/Bildtsk Boekje ‘Sipke op ’t Kaatsfeld’ presintearre yn Keatsmuseum Frjentsjer.
Learlingen fan 13 basisskoallen út de gemeente Waadhoeke hawwe yn de ôfrûne wiken yn it ramt fan Waadzinnig in besite brocht oan it Keatsmuseum yn Frjentsjer. Se waarden dêrby begelaat troch studinten fan de opliedingen Onderwijsassistent/Pedagogisch meiwurker yn it museum en studinten fan it CIOS foar in keatstrening op it Sjûkelân. Foarôfgeand oan de besite oan it Keatsmuseum hat Binne Reitsma fan Tresoar op de skoallen in edukatyf programma fersoarge.
It ferbinen fan it keatsmuseum, de opliedings, gemeente Waadhoeke en Tresoar is ta stân kommen út de gearwurking ‘Wy binne mbû’ fan Firda, Aeres en de Afûk. Dy gearwurking hat as doel de posysje fan it Frysk (en de regiotalen) yn it middelber beropsûnderwiis te fersterkjen. Fanút de gemeente Waadhoeke wie der ek de winsk om it Biltsk in plak te jaan yn dit projekt. It boekje makket dêryn in moaie ferbining tusken de eigen taal en sport/kultuer yn de regio.
“Kaatsen hoort bij deuze regio en bij gemeente Waadhoeke. ‘t Kaatsmuseum richt him niet alleen op de history fan ‘t kaatsen, mar wil jùst de kines anspreke en enthoesjast make foor de sport. Der hoort ‘t Bildts as taal ok bij.” – Gerard de Jong, Meertaligheidscoördinator gemeente Waadhoeke.
‘Sipke op ’t Keatsfeld’ is in beheinde útjefte fan it earder ferskynde Gouden Boekje; ‘Sipke op it keatsfjild’ fan útjouwerij Rubenstein en sil net yn de reguliere ferkeap komme. Stichting Bildts Aigene hat it yn it Biltsk omset. It Frysk-Nederlânske boekje út de Sipke-rige is wol te keap fia de boekhannels.
Op de foto f.l.n.r. Lida Dijkstra (auteur), Miranda Popken (Seewyn), Jan Douwes (Afûk), Gerard de Jong (gemeente Waadhoeke), Tsjisse Steenstra (Kening fan de P.C.).
Foto: Henk Bootsma.