Fryske berneboeken op tema yn de Foarlêsgids

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
3 septimber 2025
Foarlêze makket de wrâld grutter, stimulearret de taalûntwikkeling en soarget foar waarme mominten mei de bern. Mei de Foarlêsgids krijst in praktysk oersjoch fan alle beskikbere Fryske berneboeken, handich yndield op tema. Sa fynst altyd in passend boek – oft it no giet oer de hjerst, nei it húske gean, jierdeis, famylje, ûnderweis of ien fan de oare faak brûkte ûnderwerpen. De Foarlêsgids is fergees te krijen yn de Afûkwinkel of te bestellen fia de websjop.

De Foarlêsgids helpt âlders, oppassers, learkrêften en biblioteken om maklik it goede boek te kiezen dat oanslút by de belibbingswrâld fan bern. Sa wurdt foarlêzen noch leuker en tagonkliker – in skatkeamer oan Fryske ferhalen!

De Foarlêsgids is in produkt fan heitenmem.frl. Besjoch ‘m hjir online.