Fryske Boekewike en Boekefeest 2024

Boeken fan Fryslan Frije tiid
7 oktober 2024
Freed 1 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2024. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Wynroas’ fan Meindert Talma presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 2 o/m 10 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan Meindert Talma & band. Op it Frysk Boekefeest is ek in boekediske mei de moaiste Fryske boeken en jo kinne dêr jo Kadoboek sinjeare litte troch de skriuwer.
Oanmelde foar it Frysk Boekefeest op freed 1 novimber kin fia info@boekenfanfryslan.nl. Lokaasje: De Kanselarij yn Ljouwert. De tagong is fergees.

Meindert Talma

Foto: Jacqueline de Rooij

Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skreau it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman ‘Dammen met ome Hajo’, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel ‘De Blauwe Fedde yn petear’. Yn 2003 ferskynde fan him de roman ‘Kriebelvisje’. Dêrop folgen de dichtbondel ‘Laat het orgel jammeren’ (2011) en de romans mei muzykalbums ‘Kelderkoorts’ (2013), ‘Je denkt dat het komt’ (2017) en ‘Gezinsverbijstering’ (septimber 2024).

Oer it Kadoboek ‘Wynroas’
Talma: ‘Ik haw in soad min folk op myn wei kend, meastal wiene se al gau wer út myn libben ferdwûn, mar fan alle minsken dêr’t ik mei te krijen hân haw, komt Gerrit Huidekoper jr. it tichtst by de kwalifisearring ‘myn grutste en koppichste fijân’.’ Meindert Talma skreau mei Wynroas it Frysk Kadoboek 2024, in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin.

Boeken fan Fryslân
De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.

Fryske Boekewike-tour fan Meinder Talma
Skriuwer Meindert Talma reizget yn de Fryske Boekewike mei ‘Wynroas’ lâns ferskate poadia yn Fryslân. Live is ‘Wynroas’ in audiofisuele trip fan in oere, dy’t dy meinimt yn in ferteld en songen (film)ferhaal oer in fûleindich konflikt dat Meindert Talma krige troch in liet op De Zee Roept, it album by it fotoboek fan Tryntsje Nauta oer de studinten fan de seefeartskoalle op Skylge.

Optredens Meinder Talma yn de Fryske Boekewike
– Tiisdei 5 novimber, 19.30, Bibliotheek Drachten
– Woansdei 6 novimber, 19.30, bibleteek Dokkum, Bibliotheken Noord Fryslân
– Tongersdei 7 novimber, 20.00, Podium Gorter Balk
– Freed 8 novimber, 19.30, bibleteek It Hearrenfean, Bibliotheken Mar en Fean
– Snein 10 novimber, 19.30, Stadskas, Explore the North, Ljouwert
Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap. It Frysk Kadoboek ’Wynroas’ is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.