Fryske ferhalen yn de nije podcastrige ‘Boekekast’ 

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk Uncategorized @fy
26 septimber 2019
Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân lansearje de nije podcastrige ‘Boekekast’. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online. In boek lêze dochst meastentiids thús yn 'e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy.

Yn Boekekast wurdt alle wiken in oar Frysk ferhaal as podcast brocht. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers of fragminten út aktuele romans. Ferhalen dy’t yn Boekekast foarby komme binne ûnder oare ‘De Achttjin’ fan Aggie van der Meer, ‘De trekken fan Troje’ fan Hein Jaap Hilarides en ‘Wurk’ fan Elske Schotanus. Snein 29 septimber wurdt út ein setten mei ‘Parallaks’ fan Janneke Spoelstra. De twa partijen wolle hjirmei de Fryske literatuer ris op in oare wize ûnder de oandacht te bringen.

Boekekast is te finen op Omropfryslan.nl/boekekast.