Fryske kennisynstellings slaan de hannen yn ien
Deputearre Sander de Rouwe: “Ut petearen mei de Fryske kennisynstellings en it advys fan Dingtiid oer de kennisynfrastruktuer fan it Frysk, bliek in ferlet oan mear fyzje, ferbining en gearwurking op it gebiet fan de Fryske taal en kultuer. Wy wolle dit berikke troch mei-inoar mei it kennisfjild de hannen yn ien te slaan, en in stevich kennis-kluster te foarmjen mei regionale, lanlike en sels ynternasjonale útstraling.”
Fjouwer linen
De gearwurking giet yn earste ynstânsje om trije ynhâldlike linen en in line rjochte op de mienskiplike kennisynfrastruktuer:
1. Fryske Taal yn it ûnderwiis en de foar-skoalske perioade (ûndersyk en oerdracht)
2. Fryske Taal yn de maatskippij en de iepenbiere romte (ûndersyk en oerdracht)
3. Fryske Regionale identiteit/kultuer/erfguod/skiednis/literatuer (ûndersyk en oerdracht)
4. Fasilitearjen: gearwurkings ynfrastruktuer
Elke line hat in lûker en in wurkgroep besteande út belutsen meiwurkers fan de dielnimmende ynstellingen. Joana Duarte (Lector Meartalichheid Nhl Stenden), Mirjam Vellinga (Afûk), Bert Looper (Tresoar) en Sandra fan Gaalen (Fers) nimme elk it trekkerschap op him fan in line. Yn totaal binne 27 wurkgroepleden belutsen fan ferskillende ynstellingen, wêrûnder akademisy, saakkundigen en studinten.
Under lieding fan in kearntiim fan trije wurdt oersjoch hâlden op de mienskiplike opjefte en stjoerd op de fjouwer opdrachten. Dit kearntiim bestiet út in ûnôfhinklik, troch de Provinsje Fryslân beneamde foarsitter, in loko-foarsitter út it Fryske kennisfjild en in amtlik fertsjinwurdiger fan de Provinsje as sekretaris. Dit kearntiim wurdt noch foarme.
(Parseberjocht Provinsje Fryslân)