Fryske taal bliuwt stevich ferankere yn de maatskippij
Dat docht bliken út in mienskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy en Planbureau Fryslân. It folsleine ûndersyksrapport ‘ Taal fan Fryslân. Yn nije koers ’ is hjir as download beskikber. De survey makket ek diel út fan de nije Taal – en Identiteitsmonitor, wêryn’t de ûntwikkeling fan de taal folge wurdt as ûnderdiel fan bredere wolfeartsmonitoring yn de provinsje.
Taalbehearsking, hâlding en gebrûk
It ûndersyk rjochtet him op trije kearndomeinen fan taalfitaliteit: taalbehearsking, taalhâlding en taalgebrûk. De taalfeardigens yn it Frysk is yn grutte linen stabyl bleaun ferlike mei eardere mjittingen (lykas yn 2018). Opfallend is dat jongeren harren lêsfeardigens leger ynskatte as âldere generaasjes, wylst it algemiene nivo sûnt 1995 wol tanaam is. De skriuwfeardigens bliuwt relatyf leech. Op it mêd fan taalhâlding fine 63,7% fan de respondinten dat it Frysk wichtich is foar sosjale gearhing en identiteit (solidariteit). De wurdearring foar de status fan it Frysk – bygelyks foar karriêrekânsen – leit mei 23,5% gâns leger. Net it feit oft men mei Frysk opgroeid is, mar krekt de taalidentiteit blykt trochslachjouwend: minsken dy’t harsels as Frysktalich beskôgje, binne dúdlik positiver oer it Frysk as dejingen dy’t har as Nederlânsktalich identifisearje, likefolle harren taalkundige eftergrûn. Ek it taalgebrûk lit sjen dat it Frysk in soad ynset wurdt yn de thússituaasje en yn sosjale rûnten. Benammen mei bern (47,6%) en partners (44,1%) wurdt geregeld Frysk praat. Ek docht bliken dat jongeren it Frysk faker aktyf trochjouwe oan harren bern, wat tsjut op in bewuste oerdracht fan de taal. Taalgebrûk ferskilt per regio, leeftiid en opliedingsnivo, wêrby’t minsken op it plattelân en âlderein it meast brûke. De rol fan taalattitude is ek sichtber: wa ’t it Frysk in hegere status takent, brûkt it faker op it wurk en yn oare formele konteksten.
Taalûndersyk en monitoring foar brede wolfeart
De taalsurvey makket diel út fan in bredere, langjierrige monitoring fan taal en identiteit yn Fryslân. De gearwurking tusken de Fryske Akademy en Planburo Fryslân soarget foar in wittenskiplik fundearre basis foar taalbelied. De nije Taal – en Identiteitsmonitor biedt boppedat struktureel ynsjoch yn hoe ’t de hâlding neffens it Frysk him ûntwikkelet. It Frysk is net allinnich in kommunikaasjemiddel, mar ek in wichtich ûnderdiel fan de brede wolfeart en kulturele identiteit fan Fryslân. De útkomsten fan dit ûndersyk ûnderstreekje dat it brûken fan it Frysk net fanselssprekkend is. It freget om bewuste karren, belutsenens en in krêftich, gearhingjend belied.
De taalsurvey is in grutskalich ûndersyk nei taalfeardigens, taalgedrach en taalhâlding neffens it Frysk yn Fryslân, dat al sûnt 1967 periodyk útfierd wurdt. De nijste edysje set dizze tradysje troch en slacht tagelyk in nije wei yn mei in gearwurking tusken de Fryske Akademy en Planbureau Fryslân.
Lês ek: De taalsurvey útdjippe: watfoar bysûndere taalgewoanten hâlde Friezen derop nei? – Omrop Fryslân