‘Timen op ‘e tegels’ en ‘Hasto Oaljefant ek sjoen’ ek te keap as printeboek yn de Afûkwinkel

Frysktalige animearre printeboeken op Bereslim

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
11 augustus 2025
Fan de prachtige printeboeken 'Hasto Oaljefant sjoen?' en 'Timen op 'e tegels' binne ek animearre berneboeken beskikber. Mei in pakket fan Bereslim.nl kinne skoallen, berne-opfangorganisaasjes, logopedisten en biblioteken de animearre printeboeken brûke as oanfolling op it 'papieren' boek. Mar se binne ek hiel geskikt foar thús! Ast lid bist fan de biblioteek dan kinst mei dyn biblioteekpaske fergees ynlogge op bereslim.nl, fia ‘bibliotheek inlog'.

In animearre printeboek nimt de bern op in oare wize mei yn it ferhaal om’t de plaatsjes ‘libben’ binne. De ferhalen binne prachtich ynsprutsen troch Sjoukje Jager en it sound-dekôr derom hinne makket it hielendal ôf. In soad lês-, sjoch- en lústerwille!