Nijs oersjoch
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan: tsjen. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?
De earste papieren Moanne fan it jubileumjier, de 25ste jiergong, is út! It is in echt jubileumnûmer wurden, mei meardere artikels dy’t kleure binne troch dat jubileum. No by alle abonnees op de matte én te keap yn de Fryske boekhannels.
Op it Lettertreffen fan Leeuwarden City of Literature is tongersdei 26 maart 2026 de nije Gjalp lansearre. De Gjalp is in iepen oprop foar skriuwers en dichters. Ynstjoerders meitsje kâns op publikaasje én op in presintaasje op ferskate festivals, sa as it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach.
In nije moanne, in nije BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer […]
De Praat mar Frysk-radiocommercial ‘Opfalle? It Frysk wurket!’ is nominearre foar it Gouden Pompeblêd, dé publykspriis foar de meast kreative, pakkende en ympaktfolle commercial fan 2025 by Omrop Fryslân! Hatsee! Fynsto dat wy dy priis ek écht fertsjinje? Dyn stim bringst oant en mei 8 april út fia adverteren/omropfryslan.nl.
Begjin dit jier makken wy bekend dat der nei sawat 30 jier in ein komt oan it Tomke-projekt en lansearren wy tagelyk Tys en Teske as nije pjuttefreontsjes fan Fryslân. Wylst der drok wurke wurdt oan nije ferhaaltsjes en materialen fan Tys en Teske, is it tagelyk ek tiid om allerhanne guod fan Tomke op […]
Yn gearwurking mei útjouwerij Afûk hat Wetterskip Fryslân oan alle basisskoallen yn Fryslân in eksimplaar fan it printeboek ‘Wetter‘ kado dien. Oanlieding foarme ‘Wereld Waterdag’ op snein 22 maart lêstlyn. Berneboeke-ambassadeur Linda de Haan, tagelyk ek skriuwer én yllustrator fan ‘Wetter‘, makke der in lesbrief by.
In de Boekenweek is het extra druk in de winkel van Afûk in Ljouwert ofwel Leeuwarden. En het Friestalige boek zit al in de lift, zegt Elisabeth Abels-Gorter, die verantwoordelijk is voor de boekhandel. (Dit ynterview is skreaun troch Maarten Dessing en earder publisearre op www.boekblad.nl.)