Dit wie it waar wer, Tryater

Gean mei dyn klasse nei in foarstelling fan Tryater (8+)

Leare & ûnderwiis
6 febrewaris 2020
Nei it sukses fan de kleuterfoarstelling In dei út it knisterjende libben fan in pûdsje makket Karlijn Kistemaker diskear foar Tryater de 8+ foarstelling Dit wie it waar wer. In muzikale waarsensaasje wêrby’t de temperatuer heech oprinne kin en CO2 oeral op de loer leit.

Yn it waarstasjon healweis Holwert en Wolvegea makket de ferneamste waarfrou fan Fryslân Paulette Ietsema har op foar de live-opname fan it waarberjocht. Mar it waar is it waar net mear, fierstente ûnfoarsisber. Dêrom fertelt Paulette allinne it waarberjocht fan hjoed. Dan witte de sjoggers teminsten wêr’t se oan ta binne. Hoe lang komt se dêr noch mei wei? Moat Paulette de takomst net ris ûnder eagen sjen? As Paulette en har assistint Cosmo fêst komme te sitten yn in Fryske iistiid besiket Paulette krampeftich har suksesfolle karriêre as ferneamde waarfrou te behâlden. Slagget se dêr yn of giet se te sink oan har eigen CO2 útstjit?

Dizze foarstelling is o/m maart 2020 yn it Frysk en spilet as skoalfoarstelling oerdei yn it teater. Fan jannewaris 2021 ôf spilet de foarstelling Nederlânsktalich.

Meldt dyn klasse oan
As juf/master kinst mei de hiele klasse (of klassen) nei Dit wie it waar wer. Busferfier nei en fan de skouboarch kin regele wurde. Lês hjir mear oer de foarstelling, nim kontakt mei op mei Tryater foar mear ynformaasje of folje it formulier yn en boek in foarstelling yn bygelyks Ljouwert, It Hearrenfean of Drachten!