Gearwurking Wetterskip Fryslân en Afûk resultearret yn edukatyf printeboek ‘Wetter’
Gearwurking mei Wetterskip Fryslân en de Afûk
Foar de realisaasje fan Wetter sloegen Wetterskip Fryslân en de Afûk de hannen ynien. Beide organisaasjes diele de ambysje om jonge generaasjes te belûken by de Fryske skiednis en it behâld fan de Fryske taal. It resultaat is in kleurryk printeboek dat bern yn’e kunde komme lit mei in wichtich barren út it ferline en wetter(feilichheid). ‘Wy fine it wichtich dat jongerein begrypt hoe ’t wetter ús provinsje foarme hat. Dit boek makket it ûnderwerp wetterfeiligens op boartlike wize taastber’, fertelt Gerben de Boer.
Edukatyf programma foar de bern
By de offisjele oerlanging folge in wiidweidich edukatyf programma foar de learlingen. Sy giene oan de slach mei tema’s út it boek en learden op in boartlike wize oer wetterfeiligens en de impact fan de ramp fan 1825. It programma bestie ûnder oare út: proefkes fan in ‘wetterprofessor’, wêrby ’t bern sels eksperimintearje koene mei ferskate wetterproefkes; in rûntsje oer de dyk, mei útlis oer diken eartiids en no, en hoe ’t dy Fryslân beskermje; in rûnlieding troch it Woudagemaal, dêr ’t se seagen hoe ’t wetterbehear der yn de praktyk útsjocht.
De kombinaasje fan skiednis, taal en wetter-edukaasje makke de moarn ta in learsume en ynspirearjende ûnderfining. It boek is no te keap by de Afûk en de winkel by it Ir. D.F. Woudagemaal.
