Gedicht Dichter fan Fryslân te lêzen fanút de loft

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
25 april 2020
Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ in gedicht dat oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen útskreaun waard. De bewenners fan de Waadeilannen skreaune op alle fjouwer eilannen in strofe út op it strân.

Anne en Arie

Fannacht yn in dream
bin ik it strân oprûn

Fannacht einlik in foet
út dat stille tehûs

Fannacht op it strân stie
myn SOS der samar:

Wannear Anne
kinne we wer krûpe?

Lês mear oer it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ en de Dichter fan Fryslân op www.dichterfanfryslan.nl.