Gedicht: ‘Skip fûgel lân’ fan Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan
19 maart 2019
Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij gedicht makke: 'Skip fûgel lân'. It giet oer de ramp mei de MSC Zoe en de gefolgen dêrfan foar it Waadgebiet.

Boppe de Waadeilannen rint ien fan de drokste skipsfeartrûtes fan Europa. Begjin jannewaris gie it mis doe’t it Panameeske frachtskip MSC Zoe 345 konteners mei gefaarlike stoffen en plestik rotsoai ferlear. In ekologyske ramp. Mei de gas- en sâltwinning de safolste oanslach op it Waadgebiet dat sûnt 2009 ‘Unesco Werelderfgoed’ is.

De Waddenvereniging skreau ferline wike oer alle troep yn see: ‘Microplastic en piepschuimkorrels en andere rotzooi van de MSC Zoe zullen langdurig in het zeemilieu verblijven met gevolgen voor het zeeleven en uiteindelijk ook de mens.” Nei in kuier oan de kust by Wierum skreau Fryslândichter Eeltsje Hettinga, it gedicht ‘Skip fûgel lân’.

Skip fûgel lân
‘Substitute’, The Who

Iepensnien lei my it lichem ûnder
de kust syn skomflokjende hoarizon.

In Fundgrube fan rotsoai en ramsj
wie ik. De mage pûle út fan alles

wat ûnfergonklik ivichheid yn hie:
just plastic, sa’t ik fan kop oant sturt

en fan wjok oant wjok al opset wie
eardat ik út eigen fearren opgean koe.

‘t Wie ûnder de slach fan de toer dy’t
by Wierum oer de kegen klapte dat

ik út myn dreamen wekker skeat,
kjel by alle flokjende snie, kerls mei

gjin oare siele as dy fan domme oalje.
En dêr’t hagel, driftkjendewei, wyt

it boulân gisele, wist ik: We’re all
born with a plastic spoon in our mouth

Foar twa jier is Eeltsje Hettinga (1955) beneamd ta earste Dichter fan Fryslân. Hy is yn 2018 begûn. De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier. Hy treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij. Sjoch ek dichterfanfryslan.nl.