Foto: Woudagemaal

Gedichtewedstriid Woudagemaal

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
27 maaie 2021
Om te fieren dat it Woudagemaal al 100 jier soarget foar drûge fuotten yn ús moaie provinsje hawwe Wetterskip Fryslân en it Woudagemaal in gedichtewedstriid útskreaun. Gedichten moatte yn it Frysk skreaun wurde en gean oer 'wetter'.

Wat falt der te winnen?
It winnende gedicht wint in VIP arranzjemint ynklusyf lunsj foar 4 persoanen by it Woudagemaal mei privee rûnlieding. En it winnende gedicht (of in diel dêrfan) wurdt op it raam fan de yngong by de kassa setten. Dus foar alle besikers sichtber!

Wêr moat it oan foldwaan?
Allerearst moat it gedicht yn it Frysk wêze en as twadde moat it oer ‘wetter’ gean. De romte foar it gedicht is beheint dus hâld dêr rekkening mei. Sjoch nei de betingsten op www.woudagemaal.nl.

Meidwaan?
Stjoer dyn moaiste gedicht nei: info@woudagemaal.nl foar 15 juny 2021. In sjuery sil alle gedichten besjen en de winner útkieze.