Glês-yn-lead keunstwurk ‘Wy binne mbû’ oanbean oan Bouwurk Arcadia

Leare & ûnderwiis
12 juny 2025
Op tongersdei 5 juny 2025 hawwe mbû-studinten in bysûnder meartalich glês-yn-lead-keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio.

Wat betsjut taal foar dy? Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan ‘Wy binne mbû’. Goed 200 mbû-studinten en dosinten fan Aeres en Firda leveren wurden oan yn harren eigen taal. Yn totaal binne 416 wurden sammele, yn 14 talen – fan Nederlânsk en Frysk oant Oekraynsk, Arabysk, Fjetnamees en Tigrinya. Wurden oer identiteit, komôf en ferbûnens. De wurden waarden sammele by de boargerskipslessen. Oan de hân fan ferskate wurkfoarmen kamen ûnderskate petearen op gong oer taal, kultuer én identiteit. It toant in betsjuttende relaasje mei de wrâld fan de studinten en in sterke identifikaasje mei de regio.

Nei’t it projekt by de jierlikse ynspiraasjedei ‘Wy binne mbû’ presintearre waard, binne studinten fan ferskate opliedings lykas Bloem & styling, Entree, Travel & Hospitality, ISK, Kinderopvang en Onderwijs, NT 2 en Veehouderij yn ferskate gearstallings yn petear gien nei oanlieding fan boppesteande fraach. Ek by de leargong boargerskip fan NHLStenden hat derr omtinken west foar in ferdjipping oangeande meartaligens en omtinken foar kultureel ferskaat yn it ûnderwiis. Alle dielnimmers waarden úteinlik stimulearre om ta de kearn te kommen en de foar harren wichtichste wurden fêst te lizzen yn in workshop fan glêskeunstner Nanda Vandeberg. Yn dy workshops skilderen de dielnimmers de wurden op glês. Dit kreative proses bea romte foar moeting en petear, en makke taal en kultuer hieltyd better sichtber.

Tagelyk giene ek dichters Marrit Jellema en Arjan Hut oan de slach mei ferskate meiwurkers fan de mbo-kolleezjes. Tegearre joegen se op poëtyske wize foarm oan har eigen antwurden én oan de ynstjoerde wurden fan de studinten.

In keunstwurk dat ferbynt
It resultaat is in bysûnder meartalich glês-yn-lead-keunstwurk dêr’t taal en byld yn byinoar komme. Acht kleurrike panielen wêryn’t de útienrinnende wrâlden fan de mbû-studinten yn Fryslân byinoar brocht binne. Elk paniel befettet ek in part fan it gedicht fan Marrit Jellema en Arjan Hut, dat ynspirearre is op de ynstjoerde wurden en de workshops. In prachtich resultaat fan in ferbinend meartalich projekt!

Symboalyske oerhandiging
De feestlike oerhandiging fûn plak op tongersdei 5 juny. Studinten fan Aeres en Firda presintearren it earste paniel oan Arcadia en de dichters soargen foar in live foardracht. Studinten en dosinten fan ferskate opliedingen en eftergrûnen wiene dêrby oanwêzich, lykas fertsjintwurdigers fan Firda, Aeres, Afûk, Tresoar en Arcadia. De acht panielen binne fan no ôf te bewûnderjen yn Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert! Nei Arcadia krije de panielen in oar definityf plak op de mbû-skoallen.

‘Wy binne mbû’ is in gearwurking fan Firda, Aeres en Afûk rjochte op it fersterkjen fan meartaligens en de posysje fan it Frysk binnen it mbû.

Gedicht: Marrit Jellema (stedsdichter fan Ljouwert) en Arjan Hut (dichter fan Fryslân)
Glês yn lead: Glasatalier Ananda, Nanda Vandeberg m.m.f. Zwaahagla Kaya en Lïam Zwaagman

I  
ik wil je
wat vertellen
in onze taal
waar je was
taal is
een ontdekkingsreis
een sentiment dat
lastig te verwoorden is

II  
jûkelburd, krûkje,
wettersnip, krûpke….
oms begjin ik samar
yn myn eigen taal
soms bin ik bliid
dat it sa kin

III  
met mijn stem vertel ik
want hoe anders
het middel voor en
tegen miscommunicatie
als er stilte valt
je hoofd het overneemt
is dat taal?

IV  
wholesome, ocean,
comfy, together….
kin de hiele wrâld
it hearre
as ik net thús bin
yn in taal?

V  
taal is net als de wind
stop een USB-stick
in mijn hoofd
elke dag op Duolingo
maar afgelopen week
ging mijn vogel dood

VI  
taal is gefoel
taal is ferbine
taal is no
taal is ferline
sille wy meimekoar
om in lyntsje sykje?
in lifetime om mekoar
te finen

VII  
het begin van
een nieuw leven
als onbekende woorden
op de koffie komen
pak je een staafmixer
luisteren naar ’t geluid
tot het glad beslag is

VIII  
zee, brûzje
ensemble, samen
mei dysels, meimekoar
meimekoar, dysels