heit&mem foarlêsmoarn grut sukses
Och heden, wa soe dat wêze? Gelokkich, it wie Paul van Dijk! Hy lies it boek ‘In hûs foar Harry’ foar. Ek hie Paul op in grutte rôle papier in pear katten tekene dy’t de bern ynkleurje koene. Alle pjutten krigen wat drinken en in moai Tomketaske mei nei hûs. Sjoch op de Facebookside fan heit&mem foar alle foto’s. De folgjende foarlêsmoarn is mei de ‘Fryske Foarlêswike’ begjin juny. Oant dan!