‘Het leven van een loser’ komt nei Fryslân

Leare & ûnderwiis
18 oktober 2018
Do kenst grif de suksesfolle boekesearje wol: Het leven van een loser. Skriuwer Jeff Kinney wûn der yn 2015 én dit jier wer de Prijs van de Nederlandse Kinderjury mei. Wrâldwiid binne der al mear as 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht.

Op tiisdei 4 desimber komt de Amerikaanske skriuwer spesjaal nei Fryslân ta. Hy ûnfangt dan út hannen fan Habtamu de Hoop (Fryske presintator fan Het Klokhuis) de alderearste Fryske edysje van Het leven van een loser: It libben fan in Labbekak. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.

Learlingen fan groep 5, 6, 7 en 8 fan herte út om dizze bysûndere presintaasje by te wenjen. Lês hjirûnder mear oer it oanmelden fan dyn klasse.

It libben fan in Labbekak, skoalbrief