Foto: Siska Kroondijk

Frysk kadoboek 2021 fan Hilda Talsma / 6 maart Boekefeest!

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
29 maaie 2020
Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten skriuwt it Fryske kadoboek 2021. Yn 2011 ferskynde har earste roman ‘De Twadde Hûd’. Meast resint ferskynde har njoggende roman ‘De Onnie’s en ‘It hynstebal’ (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek 'Slangen ûnder it bêd' en it lêste diel fan de Wyn-trilogy ‘Wyn fan de winners’. Neist skriuwster is Hilda Talsma ek columnist by Omrop Fryslân.

Hilda Talsma oer it kadoboek 2021: ‘De Fryske taal is foar my al in kado op himsels. Fiele, tinke, prate, lêze en skriuwe yn myn eigen taal, ik wurd dêr hiel gelokkich fan.’

It boek ferskynt op 6 maart 2021, oan it begjin fan de Boekewike by it Boekefeest. Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt dan ek it nasjonale boekewikegeskink fan de jonge auteur Hanna Bervoets yn it Frysk.

Boekefeest
Do kinst der by wêze! It Boekefeest wurdt op 6 maart nammentlik fan 20.00 oere ôf live fanút de Westertsjerke yn Ljouwert útstjoerd troch Omrop Fryslân. In programma mei fansels nijsgjirrige presintaasjes fan ûnder oaren it Frysk Kadoboek en de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk en ynterviews mei de auteurs, Hilda Talsma en Hanna Bervoets. It Frysk kadoboek en it Boekenweekgeschenk binne dêrnei de hiele wike fergees te krijen by in boeke-oankeap by dyn (online) boekwinkel! De ferskate literêre programma’s sille yn oktober 2021 rûnom yn de provinsje organisearre wurde.

It kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en wurdt yn 2021 útjûn troch útjouwerij Elikser.