Skriuwster Lida Dijkstra waard ferrast troch Noraly Beyer, foarsitter fan de Griffelsjuery, foto Stichting CPNB

Histoarysk jeugdboek Lida Dijkstra bekroand mei Gouden Griffel

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan
25 septimber 2025
It boek 'De Wonderverteller' fan skriuwster Lida Dijkstra út De Knipe is bekroand mei de Gouden Griffel 2025, de priis foar it bêste berneboek fan it jier. Dijkstra waard woansdei by in gastles op IBS 't Pompeblêd yn De Westereen ferrast troch sjueryfoarsitter Noraly Beyer.

Marco Polo
De jeugdroman fan Dijkstra giet oer de reizen fan de Fenetiaanske ûntdekkingsreizger Marco Polo, troch de eagen fan in famke dat in wichtige rol yn de aventoeren fan de reizger spile hat. De sjuery wie djip ûnder de yndruk fan de wize wêrop’t de auteur de skiednis yn in nije foarm ta libben bringt. “Naast veel vakmanschap gaat er een grote vrijheid, speelsheid en literaire kracht van dit boek uit.”

Mear prizen
Earder dizze moanne krige Dijkstra al de Jonge Beckmanpriis foar har histoaryske jeugdroman, en yn juny wûn se de Zilveren Griffel. It is de earste kear dat se de Gouden Griffel wint. “Ik wit net wat my oerkomt”, sei Dijkstra koart nei de bekendmakking yn it NOS Jeugdjournaal. “Ik bin sa gelokkich en ek in bytsje bibberich yn ‘e knibbels. As skriuwer hopest der fansels altyd op, mar dit is net te beskriuwen geweldich.”

Gouden Pinsiel mei Frysk tintsje
Neist de Gouden Griffel is ek it Gouden Pinsiel foar it moaist yllustrearre berneboek fan it jier útrikt. Dy priis gie nei Een ongelofelijk grote, ongelofelijk gevaarlijke leguaan fan de Drintske yllustrator Natascha Stenvert en skriuwer Pim Lammers fan Easterwâlde.

De Griffels en Pinsielen binne de bekendste en meast prestizjeuze sjueryprizen foar berneboeken yn Nederlân. Boekekoepel CPNB makket de winners alle jierren bekend yn ‘e oanrin nei de Berneboekewike, dy’t woansdei 1 oktober úteinset. De prizen wurde freedtejûn útrikt op it Berneboekebal yn Amsterdam. De winners ûntfange in gouden griffel of pinsiel én in bedrach fan 10.000 euro.

Oer Lida Dykstra
Lida Dijkstra skriuwt berneboeken yn it Frysk en yn it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Koartlyn ferskynde by útjouwerij Afûk har nijste boek ‘De geheime doar‘: 25 ferhalen foar bern fan 10 jier ôf. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Har wurk dat in soad bekroande is, wurdt karakterisearre troch in soad fantasy en humor.

Dijkstra wurket geregeld yn opdracht. Sa hat se ûnder oare boeken skreaun foar it Fries Museum, it Marinemuseum, de Friese Milieu Federatie, Stichting Aed Levwerd, Stichting Nassau en Friesland en Stichting Kening fan’e Greide. Dêrneist jout se workshops en skriuwkursussen, sil se nei skoallen en biblioteken om te fertellen oer har wurk: sjoch op deschrijverssintrale.nl.

Yn 2020, 2021 en 2022 wie Lida Dijkstra Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân (Friese Kinderboekenambassadeur). Yn dy funksje hat se goed 450 groepen besocht op 150 basisskoallen. Op 16 septimber 2022 waard Dijkstra beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Lida Dijkstra is aktyf as Skoalskriuwer en is lid fan de ‘Skriuwers fan de Ronde Tafel’.