Fardau en Helga mei harren diploma’s

‘Ik praat better Frysk no’t ik it ek skriuwe kin’ *ynterview*

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
11 novimber 2024
Tegearre mei dyn beppe eksamen dwaan yn it Frysk Skriuwen, dat is nochris in moai ferhaal! Fardau (28) en har beppe Helga Folkertsma (86) hawwe tagelyk oan it eksamen Frysk Skriuwen meidien, en beide slaggen se mei in moaie siferlist! ‘No’t ik dy kursus dien ha, kin ik it better skriuwe, mar praat ik ek better Frysk’, seit Fardau.

Fardau wennet yn Jirnsum, is lokaasjekoördinator Oekraynske opfang en komt gauris by har beppe Helga yn Aldeboarn. Fardau har memmetaal is Frysk en se folge yn oktober 2023 in kursus Frysk skriuwen yn Snits.
‘Ik koe it wol ferstean en prate, mar skriuwe koe ’k it net goed genôch. It wie altyd fonetysk: skreaun sa’t ik it útspruts. Ik fûn dat dat oars moast en doe ha ’k my foar in kursus skriuwen by de Afûk opjûn. We starten mei in leuke dosint, in groep hiel ferskillende dielnimmers en orizjinele teksten yn it kursusboek. Alve lessen folgje is bêst in aardige tiidsynvestearring en dêr kaam ek noch sawat in oere húswurk by, mar oan ’e ein fan diel I woe elkenien graach troch. Dat soks mei deselde groep en dosint koe, motivearre fansels ekstra. Oan ’e ein frege de dosint oft wy eksamen dwaan woene. Dat ha ik doe mei beppe bepraat.’

‘It like my altyd nochris moai ta om eksamen te dwaan,’ seit Helga, ‘dus doe’t Fardau it dêr mei my oer hie, woe ik ek graach meidwaan. Ik kom fan Wenen, mar bin Friezinne wurden doe’t ik op myn achttjinde mei Paulus troude en wy tegearre nei Aldeboarn ferhuzen. Neist komponist wie hy ek ûnderwizer oan de earste Fryske proefskoalle, hjir yn Aldeboarn. Hy hat my it Frysk bybrocht. Ik app, skriuw en mail yn it Frysk. Hjir op it doarp praat eins elkenien Frysk. Ik wit eins net oars. By eintsjebeslút ha Fardau en ik ús beide opjûn foar it eksamen!’

Fardau: ‘En dan moatst wachtsje oant de slúf mei de útslach yn ’e brievebus glidet. Ik krige de triennen yn ’e eagen doe’t ik seach dat ik slagge wie. Sa faak krijst net mear in diploma! Foar my is it ek in befêstiging dat ik it no echt kin. Ik fernim dat myn Frysk foarútgongen is, sawol yn it skriuwen as yn it praten. Taaleigen fûn ik dreech, mar ik ha dêr in soad fan opstutsen. We learden dat it ‘op bêd’ en ‘fan bêd ôf’ is, en wurden lykas ‘kaai’ en ‘avesearje’ besykje ik wer mear te brûken. Yn myn skriuwen bin ik gever as yn myn praten, mar dat is faak ek sa yn it Nederlânsk.’

Beide froulju hawwe dreamen wat it Frysk oanbelanget. Helga: ‘Ik soe hiel graach wolle dat minsken dy’t har yn doarpen nei wenjen sette, it Frysk ek leare te ferstean, en as it kin ek te praten. Foar oarstaligen is dat fansels dreech, mar in goedwillige hâlding tsjin it Frysk oer fyn ik wol belangryk. Fardau wol oaren graach oanfiterje om it Frysk ek te brûken, en leafst sa geef mooglik: ‘Dat is it behâld fan ús taal, oars ferwetteret it yn in soarte fan Nederlânsk. Ik wol sels ek wol in stap sette en myn ferslaggen fan aktiviteiten yn de doarpskrante yn ’t ferfolch yn it Frysk skriuwe.’

Frysk skriuwen leare
Bisto nei it lêzen fan dit ferhaal entûsjast wurden en wolst ek graach in kursus Frysk Skriuwen folgje of bisto al goed yn Frysk skriuwen en wolst oan it basiseksamen Frysk Skriuwen meidwaan? Yn jannewaris 2024 begjinne der wer skriuwkursussen en op 31 jannewaris 2024 is it mooglik om oan it basiseksamen Frysk Skriuwen mei te dwaan.
Neist de kursussen is it ek mooglik om in selsstúdzje te folgjen.
Gean foar mear ynformaasje nei ús kursuswebside en skriuw dy yn!