‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ opnommen yn seleksje White Ravens 2024

Boeken fan Fryslan Frije tiid
11 novimber 2024
It boek Ik wol in bosk op ’e jierdei fan Linda de Haan is selektearre foar de White Ravens 2024 fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.

Dit jier presintearret de White Ravens-katalogus in seleksje fan mear as 200 opmerklike berne- en jeugdboeken út mar leafst 62 lannen en yn 44 talen. Se binne selektearre troch berneliteratuureksperts fan de Internationale Jugendbibliothek. By de seleksje rjochtsje sy harren op titels dy’t foar in ynternasjonaal publyk bysûnder nijsgjirrich wêze kinne fanwegen harren literêre en yllustrative kwaliteit en/of de ûnderwerpen dy’t se behannelje.

Ik wol in bosk op ’e jierdei is skreaun troch Linda de Haan. Ek de yllustraasjes yn it boek binne fan har hân. It is in sfearfol ferhaal, in fleurich printeboek oer dreamen dy’t útkomme en de magy fan beammen.
It boek is op dit stuit spitigernôch útferkocht, mar de Afûk is dwaande mei in werprintinge dy’t yn 2025 ferskine sil.

Oer it boek
Simke hat in beam op ’e jierdei frege, dat liket har in moai kado. Bern by har út ’e klasse sizze dat dat net kin, dat in beam in stom kado is ast op de twadde ferdjipping wennest. Dat sille we noch wolris sjen, tinkt Simke. Se docht gau in winsk yn it moanneljocht en skriuwt – foar de wissichheid – in brief oan de boargemaster. As Simke op in dei wekker wurdt, sjocht se skimen fan tûken en blêden. Is har winsk útkommen, of dreamt se noch?

De oanbefellingslist dy’t de International Youth Library fan de White Ravens makke hat, waard yn oktober presintearre op de boekebeurs fan Frankfurt (Frankfurter Buchmesse) en yn 2025 op de Kinderboekenbeurs yn Bologna.
Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy’t hjir te downloaden is.