In hiel soad nije boeken by de Afûk

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
2 july 2021
By útjouwerij Afûk binne in hiel soad moaie nije boeken ferskynd! Prachtich nij wurk mar ek werprintingen fan populêre printeboeken. Hjirûnder hawwe wy alle nij ferskynde titels foar dy op in rychje setten.

By beppe útfanhûs – Mirjam van Houten
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe … In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.

€ 14,95 / bestel

Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild – Lida Dykstra
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstriid rêde? Alwer it fjirde twatalige Gouden Boekje oer it mûske Sipke!

€ 8,99 / bestel

Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ‘e kop skiten hat (printeboek) – Werner Holzwarth
Doe’t de lytse mol op in dei syn kop boppe de grûn stuts, barde it: it wie rûn en brún, like in bytsje op in woarst en it slimste wie: it foel krekt op syn kop. Mol giet op ûndersyk út wa’t him dit flikt hat. De njoggende printinge alwer, fan dit klassike printeboek!

€ 14,25 / bestel

Noas tsjin ‘t glês (gedichten) – Edwin de Groot
Yn Noas tsjin ‘t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:

de wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend
soe al noflik wêze en troaikjend
ast him oanreitsje kinst

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten.

€ 17,50 / bestel

De alderleafste lytse bearen – Sam McBratney

Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy’t har trije lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen fan de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de lytse bearen har ôf te freegjen wa’t no de alderleafste wie. Dat koene se dochs net alle trije wêze … of wol? De twadde printinge fan Sam McBratney’s prachtige printeboek.

€ 14,99 / bestel