In spannend nij berneboek oer de mummys yn Wiuwert

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
19 septimber 2024
De mummys yn Wiuwert sprekke al iuwenlang ta de ferbylding. Foar skriuwer Jorrit de Klerk fan Harns wie dat oanlieding om dêr in spannend berneboek oer te skriuwen. De rôf fan de Fryske mummy / De Friese mummieroof is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe. It boek komt tagelyk yn it Frysk én yn it Nederlânsk út.

Neidat der oer de mummys fan Wiuwert al skiedkundige boeken en romans ferskynd binne, is der no ek in berneboek. Auteur Jorrit de Klerk kaam tegearre mei rûnlieder fan de tsjerke yn Wiuwert Stephan Kurpershoek op it idee. “Wy wiene al in tiid dwaande hjir dingen te feroarjen om bern mear oan te sprekken”, fertelt Kurpershoek. “Het verbaasde me eigenlijk dat er nog geen kinderboek over geschreven was”, seit skriuwer Jorrit de Klerk. “Ik merk ook aan mijn eigen kinderen dat het wel echt een spannend verhaal is.”
De Klerk skriuwt science-fictionboeken en berneferhalen. Mei dit boek debutearret er as berneboekeskriuwer. Hy skreau it boek yn it Nederlânsk, Martsje de Jong soarge foar de Fryske oersetting. Utjouwerij Afûk jout beide ferzjes út. Foar de skoallen is it moai dat sy dêrmei de talen neistinoar brûke kinne, en tagelyk kinne ek de Nederlânsktalige bern sa in stikje Fryske skiednis meikrije. Mar ek foar toeristen dy’t de tsjerke yn Wiuwert besykje, kin it in moai oantinken wêze oan harren besite oan Fryslân. De boeken binne dêr fansels ek te keap.

It ferhaal
De tolvejierrige Anna moat mei har tante op fakânsje nei de ‘lytste en saaiste’ camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se dêr Wietze. Hy nimt har mei nei de tsjerke yn Wiuwert, dêr’t it mystearje fan de mummys minsken al hûnderten jierren yn ’e besnijing hâldt. Op itselde momint dat Anna in besite bringt oan de tsjerke, strúnt dêr ek in frou om dy’t op Anna in nochal fertochte yndruk makket. Wol sy miskien ien fan de mummys rôvje? Of slacht Anna’s fantasy op ’e rin? Foar’t se it yn ’e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy’t de Fryske mummy rêde kin.

Boekpresintaasje yn de Berneboekewike
De boekpresintaasje fan De rôf fan de Fryske mummy / De Friese mummieroof fynt plak yn de berneboekewike, op tiisdei 8 oktober om 9:30 oere. Dan wurdt der, yn gearwurking mei auteur Jorrit de Klerk en rûnlieder Stephan Kurpershoek, yn de tsjerke fan Wiuwert in aktiviteit organisearre om it boek hinne. Spesjaal foar de bern fan de groepen 5 o/m 8 fan basisskoalle SBS Bûtensprong, de skoalle fan Boazum, Wiuwert en Britswert. It boek slút goed oan by it tema ‘Lekker Eigenwijs’ fan de berneboekewike, want haadpersoan Anna is seker in eigenwiis famke.

Boekgegevens
De rôf fan de Fryske mummy (FY)
Auteur: Jorrit de Klerk
Yllustraasjes: Edward Kobus
Oersetting: Martsje de Jong
ISBN 978 94 93318 39 7
Ynbûn, 145 siden
Leeftiid: 10+
Ferkeappriis € 16,99

De Friese mummieroof (NL)
Auteur: Jorrit de Klerk
Illustraties: Edward Kobus
ISBN 978 94 93318 40 3
Ingebonden, 148 pagina’s
Leeftijd: 10+
Verkoopprijs € 16,99

www.websjop.afuk.frl


Besjoch ek de trailer fan it boek op YouTube:

Frysk: https://youtu.be/rUFI2wi8Gfw
Nederlânsk: https://youtu.be/AP6rnRfAxHg