It ‘fergetten wurd’ fan 10 juny
Skelk
Stik klean dat men foardocht om de oare klean te beskermjen, yn it Nederlânsk: schort. Synonimen: skerldoek, skoart, strûper.
De skelk referearret yn útdrukkingen wol gauris nei it lichem dat der ûnder sit.
Sa betsjut: ‘Wat ûnder skelk hawwe’ – yn ferwachting wêze en ‘In winkeltsje ûnder de skelk hawwe’ – in prostituee wêze.
Skelk komt fan it wurd ‘skerteldoek’ dat gearlutsen is ta ‘skeldoek’ of ‘skelk’. Yn it earste part ‘skertel’ sjogge wy ek it Nederlânske ‘schort’ wer werom.
Wêr komt it wei?
De Ingelske wurden ‘shirt’(Aldingelsk ‘scyrte’) en ‘skirt’ (rok) hawwe deselde oarsprong. It is oannimlik dat it fan oarsprong fan ‘squer’ – snijden/scheren komt en fan dêrút de betsjutting koart ôfsnien krigen hat. In skelk of skoart betsjut fan oarsprong in ‘koart ôfsnien stik klean’. Ek de wurden ‘koart’, ‘kort’ en ‘short’ binne dêroan ferbûn.
In ferbining mei it wurd ‘skoat’ of ‘schoot’ leit ek foar de hân. De ‘skoat’ hat fan oarsprong de betsjutting ‘râne’ of ‘punt’ of ‘hoeke’. Fan dêrút is dêr ek de namme út ûnstien fan de hoeke tusken it liif en de boppeskonken en fan dêrút dan ek wer it stik fan de klean dy’t dat part bedekt. Wat no krekt earst of lêst wie: de namme fan it stik klean of de namme fan it lichemsdiel, dêr binne de gelearden noch net hielendal út. Al liket it lichemsdiel logysker te wêzen.
Ut de topografyske nammen ‘Aldskoat’ en ‘Nijskoat’ en oare topografyske nammen mei ‘skoat’ fine wy de betsjutting ‘hoeke’ of ‘punt’ ek wer werom. In skoat betsjut dan in útstekkend stik lân.
Mear fergetten wurden
Tongersdei 8 july is der wer ín ‘fergetten wurd’.Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.