It ‘fergetten wurd’ fan 13 maaie

Frije tiid Oer it Frysk
13 maaie 2021
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma Muzyk yn Bedriuw. Tongersdei 13 maaie giet it oer it wurd 'skruten', ek wol skrutel, skrutelich of skrupe.

Betsjutting
Ferlegen, beskromme, eangstich. Ast skrutel of skruten bist, bist dus wat eangstich of ferlegen. Kinst ek skruten, skrutel of skrutelich sjen. It tiidwurd skrute betsjut ek bang wurde, skrikke, en in hynder hat in skrútlape op (in oogklep).

Skruten is in wurd dat tink ik net in hiel soad mear brûkt wurdt. It wurd ‘ferlegen’ is dêr sa stadichoan foar yn it plak kaam. As ik der op ynternet nei sykje kom ik in artikel fan de Omrop út 2019 tsjin mei as kop: Jongeren binne minder skruten om it Frysk te brûken. (Dat is moai fansels!)

Wêr kom it wurd wei?
Dat is wol lestich te bepalen. Komt it fan ‘schuchter’ fia it Dútsk ‘schüchtern’ wat ‘skou meitsje’ benammen fan bisten betsjut en ‘schuwen’ bang wêze?

Of leit de oarsprong earder yn it Latyn? Benammen ast sjochst nei de fariant ‘skrupel’ soe dat logysk wêze. Skrupel docht tinken oan ‘scrupule’ of ‘scrupules’- gewetensbezwaren. Yn it Latyn betsjut it ek ûngemaklik, eangstich, soarchlik. Letterlik betsjut it in lyts, skerp stientsje. It wurd is troch Cicero foar it earst brûkt as de beskriuwing fan in ûngemaklik en eangstich gefoel, lykas in lyts, skerp stientsje yn dyn skoech…

Yn de (wer)útjefte fan it Friesch Woordenboek fan Waling Dykstra wurdt by ‘skrupel’  sein dat it fan scrupuleux komt (in basterdwurd) en wurdt der foar de betsjutting trochferwiisd nei ‘skrutel, skruten’.

Tongersdei 10 juny is der wer ín ‘fergetten wurd’. Dan net yn de moarnsútstjoering by Omrop Fryslân mar middeis om plm. 15.10 oere yn it (nije) programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.