It ‘fergetten wurd’ fan 17 febrewaris is ‘hottefylje’
Betsjutting
Spul hawwe, ferbaal rûzje meitsje, Nederlânsk: kibbelen.
Synonimen
Kibje, dwersbongelje. Ek wol: omhottefylje (ek yn de betsjutting datst hiel lang oan it ompielen bist).
Wêr komt it wei?
Om der efter te kommen wêr’t it wurd wei komt ha ik earst ris sjoen nei de opbou fan it wurd. Sa’tst wol sjen kinst bestiet it út twa dielen: ‘hotte’ en ‘fylje’.
Hotte, ek wol ‘hoatte’ betsjut ‘wetstien’. In stien dêr’tst dyn ark (messen ensfh.) skerper op slypje kinst of bramen fuort helje kinst. It tiidwurd ‘hotsje’ betsjut ek slypje. ‘Hotte’, ‘hotsje’ en ‘wetstien’ en it Nederlânske ‘wetten’ hawwe deselde oarsprong. Yn in hiel soad Germaanske talen komt it foar, bygelyks yn it Aldingelsk: ‘hwettan’ (yn it Ingelsk betsjut ‘to whet’ ek skerp meitsje) en it Aldnoarsk ‘hvetja’. Allegear mei de betsjutting ‘skerp meitsje’.
Ast yn it wurdboek by ‘hotte’ sjochst dan komst dêr ek al in pear útdrukkingen tsjin dy’t ús op it spoar fan ‘hottefylje’ bringe. ‘De hotte mei de file’: twa persoanen/partijen dy’t oaninoar weage binne en ‘de hotte en de file reitsje inoar’: twa finnige persoanen krije spul.
Dus as de ‘hotte’ en de ‘file’ inoar reitsje dan krijst wjerstân, fonken, skerpsliperij. Dy ferbining mei ‘skerp’ yn rûzjes en diskusjes komt faak foar. Ien kin skerp út ‘e hoeke komme. Ast in skerpsliper bist giest altyd oeral tsjinyn.
In ‘file’ is dan fansels in ‘vijl’. In raspich stik ark dêr’tst dingen glêd mei meitsje kinst. Net dy rige auto’s dêr’tst wolris yn terjochte komst. Al kin dat it hottefyljen wol befoarderje fansels.
Mear fergetten wurden
Tongersdei 17 maart is der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.