It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 10 oktober is ‘Njirre’

Oer it Frysk
10 oktober 2024
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: njirre.

Oersetting en betsjutting
Ned: adder / Eng: adder

Betsjutting:
1. ynlânske slang mei holle giftosk, Vipera berus
2. falske, haatlike frou
Synonimen: fekke of hellefeech (2e betsjutting)

Wêr komt it wei?
Njirre is in Germaansk wurd. Soest it net sizze, mar it hat deselde oarsprong as it Nederlânske en Ingelske ‘adder’.  Yn dy talen hat it wurd de ‘n’ ferlern troch ferkearde wurdskieding (‘’n nadder’, waard ‘een adder’). It wie earder nadder of naedre. It is ek besibbe oan it Latynske ‘natrix’ en sels oan de Keltyske wurden ‘nathir’ (Aldiersk) en ‘neidr’ (Welsk). Dy lêste komt alwer aardich ticht by de Fryske foarm ‘njirre’. Yn it Aldfrysk is it nammentlik ‘nedre’.

Neist ‘njirre’ ken it Frysk ek ‘njirrich’, dat ‘feninich’ betsjut en ‘falsk’. De njirre of hokfoar oare slang stiet fanâlds fansels bekend as in falsk bist. Tink mar oan de rol fan de slang yn it bibelferhaal oer Adam en Eva. It fernuveret dan ek net dat in falsk, feninich persoan in ‘njirre’ neamd wurdt. En dan benammen fansels wer foar froulju. By manlju hjit dat dan ‘assertyf’ of ‘fernimstich’. 😉

Om’t wy yn it deistich libben net sa faak in ‘njirre’ (it bist dan) tsjinkomme, kinst it yn dyn deistich taalgebrûk ynsette by: dêr skûlet/sit/krûpt in njirre ûnder it gers (daar schuilt een addertje in/onder het gras). Yn de betsjutting as ‘falsk frouspersoan’ soe ik it leau’k mar litte, of it dan jilde litte foar sawol manlju as froulju. Dan kinst it ek noch folle faker brûke.

Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 14 novimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.