It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 14 novimber is ‘Fimeltiizje’

Oer it Frysk
14 novimber 2024
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: fimeltiisje.

Oersetting en betsjutting
Ned: harrewarren over wissewasjes
Eng: to wrangle/squable about nothing/trivial stuff

Betsjutting: hottefylje/diskusearje oer neat, oer lytse dinkjes

Wêr komt it wei?
Fimeltiizje bestiet út 2 dielen: fimelje en tiizje. Fimelje betsjut jeuzelje, treuzelje, frimelje. En tiizje betsjut: yn ‘e war meitsje en ek frimelje. Se betsjutte dus sawat itselde.

Sa’n gearstalling fan twa tiidwurden wurdt mei in djoer wurd reduplikaasje neamd. It komt wol gauris yn literatuertaal foar. Skriuwers meie graach nije wurden betinke. Mar ek yn it gewoane taalgebrûk komt sa’n gearstalling geregeld foar. It is faak bedoeld om nochris ekstra klam te lizzen op de betsjutting, of om beweging of lûd oan te jaan of soms gewoan om’t it lekker klinkt. Tink dêrby ek oan wurden as: hoallefoalje, grûzemoezje, hottefylje (dy is earder alris besprutsen by it ‘fergetten wurd’), mar ek: hakketakje, slykslakje en rikketikje binne fan dy wurden. (En ek de Nederlânske wurden dy’t hjir by de oersetting brûkt binne: harrewarren en wissewasjes).

Fimelje is yn it Nederlânsk ‘femelen’ of ‘fimelen’. Dat betsjutte fan oarsprong flaaks of himp plukke. De betsjutting is letter ferskood nei de beweging dy’tst dêrby makkest: frimelje mei de hannen. Dêrnei nei nutteleas wurk dwaan (want: it waard meastal troch froulju dien..) en letter nei ‘jeuzelje’ en ‘nutteleaze praatsjes ferkeapje’ en ‘skynhillich dwaan’.

Tiizje of tize is yn it Nederlânsk ‘tezen’, en yn it Ingelsk besibbe mei ‘to tease’. It betsjutte fan oarsprong it útlûken fan wol, oan wat lûke of plukke. Sawat deselde betsjutting dus as ‘fimelje’.

Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 12 desimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.