It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 12 desimber is ‘Tynge’

Oer it Frysk
12 desimber 2024
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: tynge.

Oersetting en betsjutting:
NL: boodschap, bericht, tijding
EN: message, news, tidings
Betsjutting: in oerbrochte meidieling. Ek wol: berjocht, boadskip, boade, tiding. ‘Tynge dwaan of krije’= in berjocht stjoere of krije.

Wêr komt it wei?
Tynge is in ferkoarte foarm fan ‘tiding’ of ‘tidinge’. It is in Germaansk wurd datst ek yn it Dútsk weromfynst as ‘Zeitung’ en yn it Ingelsk as ‘tidings’. Yn it Dútsk is it wurd foar krante, dêr’t it nijs en de berjochten yn steane, dus ek sa neamd: Zeitung. Ek yn it Nederlânsk hat dy ferkoarte foarm fan ‘tyng’ of ‘ting’ yn de skriuwtaal yn gebrûk west, tusken 1584 en 1691, neffens de etymologiebank. En yn de 17e iuw betsjutte ‘nieuwe tijding’ ek ‘gedrukt nieuwspamflet’, in krante dus.

It hat fansels ek ferbiningen mei it wurd ‘tiid’ en ‘it tij’ – de ôfwikseling fan eb en floed. Sa’t no tocht wurdt, hawwe der yn it ferline ea twa foarmen west: ‘tidi’ en ‘timan’ (yn it Proto Germaansk). Ut ‘tidi’ is ‘tiid’ fuortkaam en yn it Ingelsk dus ek ‘tidings’ en ‘tide’ en út ‘timan’ is dan it Ingelske ‘time’ wer ûntstien. Dêrom hjitte yn Ingelsktalige lannen de kranten dan ek faak de ‘… Times’.

Leuk om te witten: ‘Krante’ komt dan wer fan ‘courant’ – dat ‘aktueel’ betsjut (tink ek oan it Ingelske ‘current’).
As it oars rûn wie, hiene wy dus miskien no wol de ‘Ljouwerter Tynge’ hân! ????

En Mirjam moast by ‘tynge’ ek tinke oan it ‘ping’lûdsje by e-mails en oare digitale berjochten. ‘Ik ha ‘tynge’ krigen’ past dêr fansels dan prima by. Of: gjin tynge, is goede tynge! 😉

Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 12 desimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.