It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 13 febrewaris is ‘Mjitsk’

Oer it Frysk
13 febrewaris 2025
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: mjitsk.

Oersetting en betsjutting:
NL: mierzoet, walgelijk zoet
EN: very sweet
Betsjutting: sa swiet dat it net lekker mear is.

Wêr komt it wei?
Mjitsk betsjut dus ‘sa swiet dat it net lekker mear is’. Ik brûk it sels ek wol as iten wat swiet/muffich is, krekt as by de lêste mandarinen fan it seizoen bygelyks, mar fierder hear ik it wurd sels net faak mear. Grappich genôch is der wol in webwinkel op It Hearrenfean dy’t ‘Mjitsk’ hjit. Dy ferkeapet benammen snypsnaren foar yn it hier en sieraden en tassen foar bern en sa en is yndie in bytsje mjitsk… (se neame it sels ‘lieflijk’ mar dat is ek in kwestje fan smaak fansels.

Mjitsk komt fan it wurd ‘mie’ of ‘mee’, miskien better bekend as huningwyn. Dat waard benammen eartiids, yn de Midsiuwen in soad dronken, en is yndie hiel swiet. It kaam earder yn it Frysk ek foar as ‘miedsk’, mar is troch brekking yn de útspraak letter ‘mjitsk’ wurden. Dat ‘mie’ of ‘mee’ is in hiel âld wurd dat ek yn in hiel soad oare talen en taalgroepen foarkomt. De huningwyn wie universeel. Tink dêrby bygelyks ek oan it Ingelske ‘mead’. En wat fansels ek aardich is: it Ingelske ‘sweet’ en it Fryske ‘swiet’ binne suver ek gelyk. Dat klinkt dochs hiel oars as it Nederlânske ‘zoet’, ek al hat dat ek deselde oarsprong as ‘swiet’.

Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 20 maart is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.