It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 maaie is ‘mannewaar/leksum’
Oersetting
Nederlânsk: manuaal /handboek; les
Ingelsk: manual; lesson, lecture
Wêr komt it wei en wat betsjut it?
Dizze beide wurden komme yn it Frysk benammen foar yn in fêste útdrukking mei deselde betsjutting, nammentlik:
– immen it mannewaar oplêze/opsizze
– immen it leksum oplêze/opsizze
It betsjut itselde as it Nederlânske ‘iemand de les lezen’, immen de wierheid fertelle. It mannewaar hat neat mei it waar te krijen of mei ‘mansplaining’ – ‘de mannewierheid ????’, mar komt fan ‘manuaal’ en dat betsjut ‘hânboek’. Tink ek oan it Ingelske ‘manual’. In manuaal wie yn earste ynstânsje in ‘liturgysk boek foar deistich gebrûk’, in boek datst alle dagen yn ‘e hannen hiest. Letter hat it in algemienere betsjutting krigen. It wurd ‘manuaal’ ferwiist nei saken dy’tst ‘mei de hân’ pakke kinst of dy’t ‘foar de hân’ makke binne. Tink ek oan ‘manicure’ bygelyks en it Frânske ‘main’. Ast immen it hânboek oplêst en opseist dan fertelst him/har dus de wierheid.
Itselde jildt foar ‘leksum’. Dat betsjut gewoanwei ‘les’ en komt fan it Latynske ‘lectio’ en betsjut ‘foarlêzing’. In les is dus fan oarsprong eat wat ‘foar- of oplêzen’ wurdt. Ek it wurd ‘leginde’ – in oerlevere ferhaal, hat dy oarsprong. Yn it Latyn is lêze ‘legere’. Kinst immen ek noch it leksum jaan. Dan setst dyjinge efkes goed teplak.
… no’t ik der sa oer neitink soe ‘it mannewaar’ bêst wol brûkt wurde kinne foar ‘mansplaining’. Dan wurdt it grif wer in gongberder wurd.
Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 5 juny is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.