It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 16 jannewaris is ‘Mûtel’

Oer it Frysk
16 jannewaris 2025
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: mûtel.

Oersetting en betsjutting:
NL: mollig, bekoorlijk, poezelig, dartel
EN: plump, mellow, well—rounden, chubby, frisk
Betsjutting: bekoarlik, der goed en glânzich útsjend, fol en rûn, sêft en fearjend.

Wêr komt it wei?
Etymologysk sjoen is dit in lestich wurd, mar it hat nei alle gedachten deselde oarsprong as in hiel soad oare wurden dy’t fan oarsprong ‘sêft’, ryp, fol en rûn’ betsjutte. Tink oan ‘mollig’, ‘mellow’, ‘mild’, ‘mals’ ensfh. Ik bin yn myn syktocht allerhande âldere talen tsjinkaam dêr’t mooglike ferbiningen lizze: it gryksk, latyn, keltysk, saksysk en goatysk…

Yn it Frysk waard it faak brûkt by it beskriuwen fan lytse berntsjes: dy hawwe mûtele earmkes en billen en mûtele wangen (kin ek yn it algemien by minsken): In ljeaf en mûtel famke, / As ‘t moantsje gol en blier. Der wurdt dan ek gauris in ferliking makke mei jonge bisten: sa mûtel as in bigge of in laam. ‘Mûtel’ komt sa ek wol foar yn de betsjutting fan ‘dartel’, dy betsjutting soe it ek hawwe kinne yn dy ferliking mei de jonge bisten. En it wurdt brûkt by it beskriuwen fan benammen it froulik lichem. Mûtele manlju bin ik eins net tsjinkaam.

Yn 2018 fûn Arjen Versloot in 17e ieusk eroatysk fers (1641) yn it West-Frysk dat doe yn it Wetterlân yn Noard-Hollân noch praat waard. It ferske begjint mei de rigels ‘Myn liaf is een soo swieten dier, soo molle bolle femke.’ (‘Myn leaf is sa’n swiet dier, sa’n mûtel bol famke’).


Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 13 febrewaris is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.