It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 20 maart is ‘Snies’
Oersetting en betsjutting:
NL: snees, twintigtal
EN: twenty
Betsjutting: tweintichtal
Wêr komt it wei?
Snies is in âld wurd dat ‘tweintichtal’ betsjut. It komt noch wolris foar yn de gearstalling mei aaien: ‘in snies aaien’ is tweintich stiks aaien. Op Frysker stiet it ek yn kombinaasje mei hjerringen. Saken kinne ‘by ‘t snies’ oanwêzich wêze; yn tweintichtallen of by it soad. En der besteane sels twa útdrukkingen mei it wurd: sokken geane ienentweintich fan yn in snies (dertien in een dozijn), of: it is mei sizzen net te dwaan, sei de man, en hy iet twa snies aaien op.
Snies is in oerbliuwsel fan it tweintallich stelsel (it tellen fan fingers en teannen) dat wy ea hân hawwe. It waard brûkt om oantallen fan lytse saken mei oan te tsjutten (aaien, appels, fisken). Yn it earstoan tsjutte it in ‘ûnbepaald oantal’ oan, mar letter is dat feroare yn ‘tweintich’. Yn it Nederlânsk kaam ‘snees’ earder noch foar en ek ‘stijg’ (20) en ‘schok’ dat yn de houthannel ‘sechstich’ betsjutte. It Frânske quatre-vingt (4×20) foar tachtich is in oerbliuwsel fan dat stelsel en ek it Ingelske wurd ‘score’. En hiel aardich, it Baskysk en ferskate Keltyske talen kenne no noch it tweintichtallich stelsel. Wy brûke hjir no fansels benammen it desimale stelsel (tellen fan de fingers), mar der is ek noch in oerbliuwsel fan it sechstichtallich stelsel fan de Soemeriërs en de Babyloniërs: tink mar oan it tal minuten yn in oere en it tal sekonden yn in minút.
In ‘snees’ of ‘snies’ komt fan ‘snoer’. In snoer of in tûkje dêr’t bepaalde saken oan rige wiene (sipels byg. of dus fisken). By aaien liket my dat wat apart of it soene seane of ynleine aaien wêze moatte. It wurd ‘snije’ hat deselde oarsprong. It âldingelske wurd snás, dat in ‘briedpin/spit’ betsjutte komt dêr ek wei.
Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 10 april is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.