It fergetten wurd fan tongersdei 4 septimber is ‘heine’

Oer it Frysk
4 septimber 2025
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan de wurden: heine. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?

Oersetting
Nederlânsk: (op)vangen
Ingelsk: to catch

Betsjutting
De hannen útstekke om eat dat falt te gripen; (op)fange.

Wêr komt it wei?
‘Heine’ betsjut fange of opfange yn de breedste sin fan it wurd. It giet om ballen, mar ek om wetter út de daksgoate, in blik fan immen, in persoan, in kealtsje dat berne wurdt, sied fan blommen en planten en gean sa mar troch. Ek as it giet om immen op te fangen, te fersoargjen, waard ‘heine’ wol brûkt. Sa waard der ek praat fan ‘kreamheinsters’ (kreamfersoargers) dy’t in lytse poppe fersoargen. En it wurd hat ek de betsjutting fan ‘dy skikke’, ‘tajaan’, ‘yn ‘e mjitte komme’. (Ik moast him al wat heine mei de  priis).

Sels ken ik it wurd noch út myn bernetiid troch it balspultsje ‘heinebalje’ of ‘heinderbalje’ sa’t wy altyd seine. ‘Kaatseballen’ wurdt it yn it Nederlânsk neamd. It bestie út it goaien fan in baltsje (tennisbal of lytser) tsjin in muorre dêrst dan ûnderwilens allegear bewegingen by makkest of opdrachtsjes by diest. Goaie en dan twa kear yn ‘e hannen klappe en dan de bal wer opheine bygelyks of in rûntsje draaie…

‘Heine’ is fanâlds ferbûn mei it wurd ‘hân’, lykas bygelyks ek it wurd ‘behindich’.  It Aldfryske ‘handigia’ foar ‘oerjaan’, ‘oerlangje’, ‘oerhandigje’, jout dat ek al oan.

Heine (as bywurd) is miskien ek noch bekend yn de gearstalling ‘hein en fier’ (heinde en verre). Dat giet ek werom op it wurd ‘hân’ en betsjut ‘tichtby de hân’. Sels ‘alle heins op it dek’, ‘alle hens aan dek’ hat mei dyn ‘hannen’ te krijen yn dit gefal komt it fan it Ingelske ‘all hands on deck’.

Yn it boek fan D.A. Tamminga ‘Op ‘e Taelhelling’* dat ik wol gauris rieplachtsje stiet ek noch dat der in wenning yn Balk stiet mei de namme ‘Sinnehein’. In hûs dat de sinne fangt. Ik bin benijd oft dat der noch stiet. En ik tocht gelyk ek: ‘is ‘sinnehein’ of better sein ‘sinneheinder’ dan ek net in moai wurd foar ‘sinnepaniel of -kollektor’?’

*Boarne: D.A. Tamminga, Op ‘e Taelhelling II, p 194-196

Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 9 oktober is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.