It fergetten wurd fan tongersdei 5 juny is ‘ûngetiid’
Oersetting
Nederlânsk: onledige tijd, hooitijd.
Ingelsk: very busy time, mowing time, haymaking time
Betsjutting en synonimen
Drokke, ûnliddige tiid, (tiid fan) it heawinnen. Synonimen: haaiïng, haaitiid, heatiid, heawinning.
Wêr komt it wei?
Ungetiid is wat in apart wurd. It is in gearstalling fan ‘ûnliddige tiid’ of ‘ûnleechtiid’. Dat ûnliddige klinkt wat frjemd, want it jout de yndruk fan ‘leech’, mar it is it tsjinoerstelde: ‘ûnleech’ dus, ûnlege tiid. Mei oare wurden ‘drok’. De ûngetiid is fan oarsprong de perioade dat it gers meand waard en dat dêr hea fan makke waard (troch it gers te drûgjen). Dy perioade begûn yn juny. Dat wie in drokke tiid dêr’t in soad minsken mei dwaande wiene en dêr’t earder ek ekstra krêften foar ynhierd waarden, saneamde ‘hannekemeaners of -mieren. Dy kamen benammen út Dútslân. De namme ‘hannekemeaners’ komt fan Johannes of Hannes en hat te krijen mei de dei dat de measte meaners yn tsjinst namen waarden, nammentlik op St. Johannesdei (24 juny).
Yn it Nederlânsk komst it wurd ‘onledig’ net in soad mear tsjin. Ien kin him noch ‘onledig’ – bezich/dwaande hâlde mei in leafhawwerij. En ‘ledigheid’ fynst noch werom yn de útdrukking: ‘ledigheid is des duivels oorkussen.’ Wat soks betsjut as: ast neat dochst/lui bist, komt de duvel om it hoekje te sjen om dy kwea yn it sin te bringen.
Mear fergetten wurden?
Mirjam giet no earst, nei har eigen ûngetiid, ek efkes de ‘lege tiid’ yn. Ris sjen wat foar kweade ideeën sy opdocht…. Harkje op tongersdei 4 septimber om plm. 15.10 oere nei Omrop Fryslân Radio foar in nij ‘fergetten’ Frysk wurd! Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.