It fergetten wurd fan tongersdei 6 novimber is ‘smûge’

Oer it Frysk
6 novimber 2025
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: smûge. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?

Oersetting
Nederlânsk: moeilijk ademhalen, hijgen, trekken, inhaleren, walmen, pochen
Ingelsk: to wheeze, to smoke, to drag, to brag

Betsjutting
-swier, mei in fluitsjend, piipjend lûd sykhelje; in hymjend, pûstend lûd meitsje sûgje
-smoarge reek, walm ôfjaan
-swetse
-in haal oan in sigaret dwaan

Wêr komt it wei?
Ik wie, lykas safolle minsken, in skoftke werom net fit. Slim ferkâlden, wat griperich en benaud. En dêrby wie ik wat oan it ‘smûgen’. It sykheljen gie net sa soepel. Ik brûk dit wurd sels noch hiel inkeld ris, mar it is benammen in wurd dat ik ús mem hearren sis: ‘Famke wat bist oan it smûgen’.

‘Smûge’ hat neist dizze betsjutting ek noch wat oare betsjuttingen: smoarge reek of walm ôfjaan, swetse, of in haal oan in sigaret dwaan.

Foar de betsjutting bliuwe wy yn de Germaanske talen. Yn it Nederlânsk is it wurd ‘smuigen’ bekend. It wurd benammen noch brûkt yn regionale talen / dialekten. De betsjutting is dan meastal: stikem snobje. Hiel wat oars as de Fryske betsjutting, mar ek dêr is de betsjutting fan reek of walm ôfjaan wol bekend. As wy nei it Middelnederlânsk gean, dan is dêr de betsjutting fan smugen of smuigen ‘krûpe’ of ‘slûpe’. Dêr sit dat stikeme ek wat yn, mar dêr soest ek in ferbining meitsje kinne mei in soarte fan stadige luchtferpleatsing by it sykheljen. As wy dan noch in útstapke meitsje nei it Aldnoarsk, dan komme wy út by ‘smjúga’ en dat betsjut: troch in nauwe iepening, romte, in nau gat krûpe. En dat komt dan dochs wol ticht by de Fryske betsjutting fan lucht troch in ‘benaude’ luchtpiip.

Oare wurden dêr’t in ferbining mei te lizzen is, binne: smokkelje (stikem binnenhelje), chimney (Ingelsk: skoarstien, smoke (Ingelsk en Frysk) en ek it wurd ‘smycht’ (stikemert).

Neist ‘smûge’ kenne wy ek noch it wurd ‘smûger’: in persoan dy’t it benaud hat/astmatysk is. It betsjut dêrneist ek noch: in lytse stookhutte apart fan it hûs; in stive, frisse wyn en in swiere fytstocht yn ‘e wyn op. Dus jo kinne troch in smûger begjinne te smûgen.

Mear ‘fergetten wurden’?
Tongersdei 4 desimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.